DG Mid-fryslan

DG Mid-fryslan

 
Terug naar broederkring paginaBroederkring.htmlBroederkring.htmlshapeimage_1_link_0

Broederkringjûn 21 novimber mei Homme Rijpkema


Tongersdei 21 novimber wie br. Homme Rijpkema ús gast om te fertellen oer syn wurk as seesleperkaptein.

Homme begûn syn ferhaal fanút syn jongesjierren. Fan oarsprong fanút in grutte boerehûshâlding út ‘e Terhernster kontreien waard  syn heit binnenskipper wat makke dat er mear as ien skoalle besocht hat. Syn heit kocht in skip krekt foar de wrâldkriig. It skip hat eins de hiele oarlogsperiode twongen stillizze moatten, in minne tiid. As jonge makke er de bombardeminten fan de Terhernster slûs mei wat in protte yndruk op him makke hat.

In greep ut syn libben as boateman.

As jonge koe er al meifarre op coasters en waard er (sûnder de fereaske foaroplieiding) talitten op ‘e seefaartskoalle yn Rotterdam. Mei syn erfaring hie er al gau al in grutte foarsprong op oare studinten. Hy wie 24 jier doe’t er slagge foar syn eksamen stjûrman; hy waard al gau frege as kaptein op gruttere skippen te farrenYn 1966 kocht er sels in sleepboat, de Liberty. Wurkje foar baggerbedriuwen, ûnder oare materiaal bringe nei baggerskippen yn de Rhone delta yn súd Frankryk.

Letter waard de eigen boat ferkocht en foer Homme op ferskate skippen rûnom oer de wrâld en hat sawat eltse grutte seehaven wol oandien. Farre op in ynstrukjeskip foar oplieding fan dûkers en op in befoarridingsskip foar wurkskippen. Mar ek oaljepipen fan Itaalje nei de Shetlâneilannen bringe. En fia it Sueskanaal miljoenen stien ferfarre nei de Persyske Golf foar oanliz fan havens foar de jachten fan de Sjeiks (baut troch Nederlanders) en gean sa mar troch.

Mei it sjen fan tal fan fotobylden ha wy in oersicht krige fan de skippen wer’t Homme sa al op fean hat. In libbensrin fan aventoer, wrotten en net folle thús wer’t Homme mei nocht op werom sjocht

We wiene allegearre ûnder de yndruk fan dit alles

Piet Vellinga

Hier onder een aantal van de vaartuigen waar Homme als kapitein het gezag oer heeft gevoerd in zijn jaren als zeeman.

sleepboot de Steven Sham, 4200 PK gebruikt voor steenbedrijf

hopperzuiger "Antwerpen 4

in de Duitse Bocht

sleepboot de Sumatras, 16000 PK!,

voor afzinkbare pontons voor olieplatforms,

olieveld Bombay High, Indische oceaan

seismographys onderzoeksvaartuig

" Geo Sapphir"

Continentaal Plat Angola,

Atlantische oceaan

Gemaakt op een Mac